F.F.J Bernlef is de Fryske studinteferiening yn Grins mei sa’n 150 leden. Bernlef is oprjochte yn 1925 en hat in eigen soasjeteit, de Pizel, dy’t yn de Tuinstraat is te finen, krekt bûten de greften (tusken de Poelestraat en it UMCG). Eltse tiisdei, tongersdei en freed is de soas iepen en kinst der delkomme foar in bierke en om in praatsje te meitsjen oan de bar, te spikerslaan of om gesellich wat te dûnsjen. It hiele jier troch wurde der leuke aktiviteiten organisearre, sadasto neist dyn studzje ek dyn sosjaal leven hawwe kinst. By Bernlef kinst it hiele jier troch lid wurde, omdasto neist de Keiwike ek wolkom bist mei de iepen dagen yn oktober, de Kiezel yn febrewaris of op in gewoane soasjûn.

De leden fan Bernlef binne mei inoar ferbûn troch harren Fryske identiteit. Hjirneist ûnderskied Bernlef har ek fan oare ferienings troch in nochtere ynstelling en in iepen karakter. Der is gjin sprake fan in ontgroening en elts is lykweardich. Hjirtroch krije leden in bytsje it ‘thús’ gefoel as sy delkomme op de soasjeteit. Bernlef hat gjin ferplichtingen, wertroch de feriening goed mei de stúdzje te kombinearjen falt. It moaiste is fansels dasto wol aktyf by de feriening belutsen wurdst. Hjirfoar binne ferskeidene kommisjes. Yn de promoasjekommisje kinst dyn kreative en kommersjele ideeën kwyt, mei de foarstejierskommisje kinst in geweldige Keiwike of in kamp delsette en in skifakânsje kinst organisearre  mei de útlânske reiskommisje. Troch plak te nimmen yn in kommisje kinsto mei beslisse oer saken by Bernlef. It motto fan Bernlef is eins: Neat moat en alles kin. Bisto wol benijd of’t Bernlef wat foar dy is? Kom gerêst ris del op ús soasjeteit oan de Tuinstraat 22 yn grins en meitsje sels de sfear mei.

www.bernlef.frl